'Oargelisten better betelje'

Oargelisten wolle mear fertsjinje
Oargelisten yn tsjerken moatte mear fertsjinje. Sa wurde se stimulearre om mear te studearjen en harsels te ferbetterjen. Dat kaam it ôfrûne wykein yn Ljouwert nei foaren by de jiergearkomste fan de lanlike feriening fan oargelisten.
De oargelisten wolle harren ek oanslute by it lanlike sintrum foar de tsjerkemuzyk. Sa ûntstiet in bettere ûnderhannelingsposysje by de lanlike synoade en de lokale tsjerkerieden.