Man delstutsen yn Ljouwert

14 jun 2010 - 09:59

In 45-jierrige man út Ljouwert is sneintemiddei yn de Droppingstrjitte yn syn wenplak delstutsen. In Ljouwerter (41) hie in frou wat frege. Har man, it 45-jierrige slachtoffer, stelde dat net op priis en bedrige syn plakgenoat.

Dêrop pakte de 41-jierrige man in mes en stuts it slachtoffer del. De dieder naaide dêrnei út. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)