Winst foar partoer Maaike Wind
De frijeformaasjeparij foar de froulju yn Arum is snein wûn troch it partoer Maaike Wind, Sjoukje Visser en Afke Hijlkema. Sy wûnen de finale op 5-3 en 6-2 fan Géjanna Dijkstra-Buma, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. It is de twadde seizoensoerwinning fan it partoer fan Maaike Wind.
De lytse preemje wie foar Marie-Jetske Lettinga, Maaike Osinga en Marike Beckers.
Trefwurden:
argyf