Rutmer van der Meer yn sikehûs

13 jun 2010 - 15:07

Haadklassekeatser Rutmer van der Meer fan Sint Jabik is opnaam yn it sikehûs. Nei in wike fakânsje leit er no yn it Medysk Sintrum Ljouwert. Dêr die bliken dat syn bloedwearden net goed wiene, mar it giet al wat better. Hy hopet tiisdei wer nei hûs te kinnen.

Van der Meer krige yn it MCL berjocht dat syn keatsmaat Taeke Triemstra by it partoer weigiet. Dy giet fierder mei Gert-Anne van der Bos en Daniël Iseger. Folkert van der Wei is de nije man yn it partoer Van der Meer-Hiemstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)