Jonge (17) ferkeapet XTC

13 jun 2010 - 14:40

In 17-jierrige jonge út Twizelerheide is sneontenacht yn Kollum oanhâlden foar drugsbesit. Tsjûgen hiene sjoen dat er stie te dealen. By kontrole troch de plysje die bliken dat er njoggen XTC-pillen by him hie. De pillen binne yn beslach naam.

De jongen dy't noch minderjierrich is, hat in nacht yn 'e plysjesel sitten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)