Mei 200 km yn 'e oere oer A32

13 jun 2010 - 14:36

Op de A32 by Wolvegea is in 42-jierrige ynwenner fan Ysbrechtum fan de dyk helle. Hy ried mei syn auto goed 200 kilometer yn 'e oere. Op dat plak mei net hurder riden wurde as 120 kilometer yn 'e oere.

It riidbewiis fan 'e hurdrider is yn beslach naam. De plysje hat fierder proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)