Trapearre by drugs snuven

In 26-jierrige ynwenner fan Houtigehage en in 24-jierrige man út Surhuzum binne op 'e die trapearre by it snuven fan drugs yn 'e auto. Dy foel op om't er stilstie op 'e Westersingel yn Drachten. Krekt doe't de plysjes mei in bûslampe yn 'e auto skynden, begûnen de manlju te snuven.
De plysje fûn in gram speed en wat weed. Dat is yn beslach naam. Ut in blaastest die fierder bliken dat de bestjoerder te folle drank op hie. Syn riidbewiis is ek yn beslach naam.