Foto-útstalling yn tsjerken

13 jun 2010 - 13:58

Yn 'e tsjerken fan Foudgum, Holwert en Westernijtsjerk wie sneon in foto-útstalling te sjen fan 'e feriening Skaad en Ljocht út Dokkum. De stichting Alde Fryske Tsjerken bestiet 40 jier en de eksposysje is ien fan de aktiviteiten om dat te fieren.

De tsjerkestifting hopet mei sokke aktiviteiten safolle mooglik minsken de monumintale gebouwen yn te krijen. De besikers komme foar de tsjerken likegoed as foar de foto's. Op sneon 19 juny is de eksposysje wer te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)