Van Oorschot slút kantoar

De Ljouwerter advokaat Oscar van Oorschot hâldt op as selsstannich advokaat. Van Oorschot wurdt mei yngong fan 1 july partner by De Haan Advocaten yn Ljouwert. Van Oorschot hat alve jier lang in eigen kantoar hân en is benammen bekend as kurator by falliseminten.
De Haan Advocaten hat neist de fêstiging yn Ljouwert ek ien yn Grins, Assen, Zwolle en Almere. Mei-elkoar wurkje dêr 135 minsken