Winst foar Niek Hooghiemster

12 jun 2010 - 18:06

Niek Hooghiemster hat sneon de Ronde fan de Kerspelen op syn namme skreaun. De Oentsjerkster, dy't útkomt foar De Friesche Leeuw, wie úteinlik de rapste fan in kopgroep fan tsien man. Julian van Dijk fan Zwartsluis waard twadde, Tino Haakman út Enkhuzen tredde.

It wie de 17e edysje fan de Ronde van de Kerspelen mei de einstreek yn Droegeham. De Kerspelen wie de sechsde wedstriid fan de klupkompetysje regio noard. Foar de Friesche Leeuw fan Ljouwert wie it al de fjirde oerwinning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)