Snits ûnderút yn bekerfinale

Snits Wyt Swart is der net yn slagge de lanlike KNVB-beker te winnen. Yn en tsjin Dongen gie de ploech fan Inne Schotanus mei 5-1 hurd ûnderút. De einstân stie al by it skoft op it boerd. De Snitser treffer kaam op namme fan Klaas Schotanus.
Yn 'e twadde helte krige Snits noch wol in pear kânsen. Mar de Snitsers koene it Dongen net echt lestich mear meitsje. Foar Inne Schotanus wie it syn lêste offisjele wedstriid as trainer fan de Snitsers.