Yn 'e holle biten
De plysje fertinkt in 33-jierrige man út Dútslân fan swiere mishanneling. De man soe in 45-jierrige ynwenner fan De Lemmer yn 'e holle biten hawwe en mei de fûst slein ha. Dat die de Dutser neidat de Lemster him frege hie syn hûs út te gean, omdat er drank en drugs brûkt hawwe soe.
De Dútser is troch de plysje meinaam nei it buro.