Fjochtersbaas arrestearre

In 33-jierrige Ljouwerter is ôfrûne nacht oanholden, omdat er de plysje útskolden hie. De fertochte wie earder op 'e jûn belutsen by in fjochtpartij mei in 27-jierrige stedgenoat op de Stasjonswei yn Ljouwert. De beide mannen hiene rúzje krigen by it nei bûten gean út in kroech wei.
Omstanners besochten de fjochtersbazen útelkoar te heljen. De plysje kaam der ek noch oan te pas en moast sels de wapenstok brûke. By syn oanholding skold de Ljouwerter de plysje út.