Radio Markant bestiet 25 jier

12 jun 2010 - 10:23

De lokale omrop fan Snits en Wymbritseradiel fiert dit wykein it 25-jierrich bestean. Dat docht Radio Markant mei in spesjale útstjoering. Dy is sneontemoarn om sân oere begûn en duorret oant tsien oere jûn. Neist it spesjale programma wurde der ek live-optredens organisearre op in poadium yn de Marktstrjitte yn Snits.

Radio Markant begûn yn 1985 as lokale omrop foar Snits. Yn 1993 kaam dêr Wymbritseradiel by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)