Filmke oer ferdwining

11 jun 2010 - 21:28

De plysje Fryslân hat in filmke op Youtube set oer de ferdwining fan Michael de Vrieze út Boerum. De Vrieze is sûnt sneon 10 april net mear sjoen en de plysje slút in misdriuw net út.

Yn it filmke op it eigen filmkanaal op Youtube fan de plysje wurdt frege wa't De Vrieze nei 11 april noch sjoen hat en wa't de identiteit wit fan de persoan dy't dêrnei in skofke yn syn auto riden hat. Nije ynformaasje oer de ferdwining jout de plysje net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)