Bankfilialen ticht nei fúzje

02 apr 2012 - 17:02

De Rabobank wol de kommende twa jier brûke om te besjen hoe't de Friesland Bank it bêste yntegrearre wurde kin binnen de eigen organisaasje. Dat siet bestjoersfoarsitter Piet Moerland fan de Rabobank. Moandeitemoarn waard bekend dat De Friesland Bank net langer selsstannich fierder kin en derom ûnder de wjukken komt fan de Rabobank.

Oer twa jier ferdwynt de namme Friesland Bank definityf en moatte alle festigings fierder as Rabobanken. Op guon plakken sil dat betsjutte dat der festigings tichtgean.

Trefwurden: 
Friesland Bank Rabobank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)