Dokk'em Open Air: mear folk

11 jun 2010 - 14:54

De organisaasje fan metalfestival Dokk'em Open Air hâldt rekken mei mear besikers as by de oare fjouwer edysjes fan it festival. Gewoanwei lûkt is festival sa'n 1500 minsken, mar trochdat ûnder oare de metalfestivals Wâldrock en Into the Grave net trochgeane soe it tal besikers dit jier oprinne kinne oant sa'n 2000.

It festivalterrein by Dokkum kin by grutte belangstelling op ienfâldige wize wat grutter makke wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)