Besunigings Kollumerlân

11 jun 2010 - 13:00

De gemeente Kollumerlân ferwachtet de kommende jierren 1,2 oant goed 2 miljoen euro besunigje te moatten. Minder jild út it gemeentefûns is ien fan de belangrykste oarsaken foar it nimmen fan maatregels.

Kollumerlân wol allinnich noch gemeentlike kearntaken útfiere, sil minder kontrôles útfiere en minder subsydzjes útdiele. Foaral oan strukturele saken. Der moat neffens boargemaster Bilker wol romte bliuwe foar nije inisjativen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)