'Eask trije jier is te heech'

Op dit skoalplein op it Hearrenfean waard de man yn jannewaris oanhâlden
Yn de strafeask tsjin de man út Sweagerbosk (40) dy't yn jannewaris delsketten waard op in skoalplein op It Hearrenfean is te min rekken hâlden mei syn persoanlike omstannichheden. Ek soene net alle feiten bewiisd wêze. Dat seit advokaat Tjalling van der Goot. Tsjin de man is tongersdei 3 jier sel en TBS easke.
De man stie foar de rjochter omdat hy by de Van Kleffenskoalle troch it lint gie en mei in mes stie te swaaien. De bern fan de man sieten op dy skoalle.