Frou (87) fan tas berôve

11 jun 2010 - 10:31

Yn Ljouwert is tongersdeitemiddei in 87-jierrige frou op strjitte fan har tas berôve. Se wie dwaande om mei in freondinne nei in supermerk oan de Tynjedyk te gean. By in tunnel kamen twa jonges op in fyts om wat te freegjen. Al gau grypte ien de jongens de tas út it kuorke fan de rollater fan it slachtoffer.

De plysje hat nei de melding fan de strjitrôf om de twa dieven socht, mar se noch net fûn. De plysje is op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)