Heerkes giet nei Willem II

11 jun 2010 - 09:42

Gert Heerkes is de nije trainer fan Willem II. Earder hawwe wy al melden dat it sa goed as wis wie dat beide partyen it mei-inoar sitten seagen. Tongersdeitejûn kaam it ta in definityf akkoart. Heerkes hat in kontrakt tekene foar twa seizoenen mei in opsje foar noch in jier.

Heerkes wie it ôfrûne seizoen trije moannen assistint-trainer fan Jan de Jonge by SC Hearrenfean. It kontrakt fan de 44-jierri0e oefenmaster rûn nei dit seizoen ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)