Auto te wetter by Eanjum

De auto waard troch in heechwurker út de sleat helle (foto: Jan Beets, 112 Nederlân)
In autotider rekke tongersdei ferwûne, neidat er mei de auto op 'e kop yn 'e sleat bedarre by Eanjum. De man moast op de Hjellingswei tusken Eanjum en Ie útwike foar ferkear dat fanôf de Weardwei de dyk op draaide. Hy rekke yn de berm en bedarre neidat er in pealtsje en in ferkearsboerd rekke op de kop yn de sleat.
In brânwachtman fan Eanjum, dy't al flakby it plak fan it ûngelok wie, wist de man gau út de sleat te heljen mei help fan in heechwurker.