Kjeld yn Stiens út de loft

10 jun 2010 - 22:17

De kjeld yn de koalysje fan PvdA, CDA en FNP yn Ljouwerteradiel liket út de loft. Der komt dochs in ûndersyk nei in mooglike fúzje mei Ljouwert, mar net troch B&W of de ried, mar troch de PvdA sels.

Dat is de oplossing dy't tongersdei fûn is. Der drige in bestjoerskrisis, omdat CDA en FNP net mear oer in fúzje mei Ljouwert prate woene. De partners yn it Middelseeferbân hiene druk útoefene om fan in ûndersyk ôf te sjen. CDA en FNP joegen dêr oan ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)