Grutte taname op Singelland

Foto: Omrop Fryslân
It OSG Singelland yn Drachten moat gau nije lokalen hawwe. Foar takom jier wurde in soad nije learlingen ferwachte. Op dit momint hat de skoalle 1050, mar foar takom jier wurde dat sawat 300 mear. Dit jier is op twa lokaasjes romtes by hierd, mar dy romtes binne takom jier net mear beskikber.
Foar it Drachtster Lyceum en de Ynternasjonale Skeakelklassen yn Drachten is no in oanfraach dien foar tydlike bebouwing.