Bylsma makket wurk ôf

Foto: Omrop Fryslân
It folsleine persoaniel fan meubelfabryk Bylsma yn Frjentsjer bliuwt foarearst oan it wurk. De kurator hat de 44 wurknimmers fan 'e moarn frege it wurk dien te meitsjen. Meubelfabryk Bylsma waard earder dizze wike fallyt ferklearre. It bedriuw hat noch in goede oarderportefúlje.
Neffens de kurator wurdt in trochstart makliker as der noch gewoan wurke wurdt. It fakbûn CNV skat yn dat der noch wis foar seis wike wurk is.