Rappe boaten by Solar Race

By de tredde edysje fan 'e Frisian Solar Challenge sille ek rappe draachfleugelboaten meidwaan. Se kinne sa hurd fanwege in nije technyk, mei saneamde hydrofoils. Dêrtroch komme de boaten in stikje út it wetter omheech en kinne se sa hurd as speedboaten.
De hurdfarwedstriid op sinne-enerzje begjint op 4 july. Der dogge 45 teams oan mei. Mei tank oan de provinsje en in Deensk enerzjybedriuw as nije sponsor is it begruttingstekoart foarearst fan 'e baan.