Alvemarrebarren: plak genôch

10 jun 2010 - 16:01

De ynskriuwing foar it Alvemarrebarren rint noch net sa hurd. Oant no ta hawwe in lyts fjouwerhûndert minsken harren opjûn. De organisaasje sette earder noch yn op tsientûzen dielnimmers. De ferwachting is no dat in soad minsken harren op it lêste momint opjaan sille.

It Alvemarre-evenemint wurdt op 18, 19 en 20 juny hâlden yn Súdwest-Fryslân. Der binne 25 sportrûtes útset om te farren, kuierjen, hurdrinnen, fytsen, skeelerjen en hynsteriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)