Sjonger Ilanois bestellen

10 jun 2010 - 14:14

De sjonger fan 'e Fryske band Ilanois, Ilan Palstra is bestellen. Hy is syn gitaarfersterker, in elektryske piano en in keyboardkruk kwyt. It guod ferdwûn op tiisdei 8 juny út syn auto op in carpoolplak by Boalsert.

Palstra besiket no mei in e-mail-oprop en twitter de ynstruminten werom te krijen. Dat de gitaarfersterker fuort is, fynt er it slimst. Dy jout syn gitaarspul in karakteristyk lûd. It giet om in âlde Vox AC30. Tips kinne nei info@ilanois.nl

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)