CDA yn mineur oer ferlies

10 jun 2010 - 12:20

De steatefraksje en it provinsjaal bestjoer binne yn mineur oer it ferlies fan it CDA. De partij helle minder stimmen as de PvdA en dat is in trendbreuk. It CDA wie yn Fryslân altyd de grutste, mar dy dagen lykje foarby. De namme Doekle Terpstra wurdt neamd as de nije partijlieder fan it CDA. Hy soe dan de opfolger wurde fan Balkenende.

De SP ferliest yn Fryslân tusken de 4 en 5% fan 'e stimmen. De partij sit noch wol krekt boppe de PVV.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)