Sikehûs MCL moat besunigje

It MCL yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)
It MCL yn Ljouwert sil de kommende twa jier tsien miljoen euro besunigje. It sikehûs liet foar it ôfrûne jier krekt in posityf resultaat fan 5,7 miljoen euro sjen. Mar fanwege besluten fan it Ryk moat der lykwols dochs besunige wurde.
It sikehûs yn Ljouwert wol besykje pasjinten koarter te hâlden. Miskien giet der ek in ôfdieling ticht en wurde guon djoere operaasjes net mear dien. Pasjinten moatte dan foar behanneling nei in oar plak ta.