Doch it foar dyn doarp begjint

02 apr 2012 - 16:51

Yn Gerkeskleaster-Strobos wurdt moandei hurd wurke oan de tariedings foar Doch it foar dyn doarp. Fan tiisdei ôf stjoert Omrop Fryslân it programma út dat makke wurdt troch ynwenners fan it doarp sels. Oant en mei 7 july stride fjirtjin doarpen foar de titel 'It meast kreative tv-doarp fan 2012'. Gerkeskleaster-Strobos is as earste oan bar.

Ferline jier wie de searje foar it earst. Droegeham wûn doe de haadpriis fan 10.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)