Bystânsprojekt hâldt op

10 jun 2010 - 10:47

De gemeente Dongeradiel hâldt op mei it projekt foar bystânsmemmen. Der wie te folle opskuor oer. Buorgemeente Dantumadiel luts him earder ek al werom. 'Up to date' soe minsken 'e bystân selsbewuster meitsje. Se krije kleanadvys en meie nei de kapper ta. Der siet ek relaasjebemiddeling by. De froulju soene sa oan in rike partner komme. Dan soene se gjin útkearing mear hoege. De relaasjebemiddeling late ta opskuor.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)