Man yninoar slein op Weaze

10 jun 2010 - 10:40

De plysje siket tsjûgen fan in swiere mishanneling yn Ljouwert, in wike lyn. Yn de nacht fan woansdei 2 op tongersdei 3 juny is in 26-jierrige Ljouwerter op 'e Weaze yn elkoar slein. Hy rekke sa bot ferwûne oan 'e holle dat er nei it sikehûs moast. Dêr die bliken dat er syn kaak op twa plakken brutsen hie en dat er in swiere harsenskodding hie.

De plysje hat in sinjalemint fan de twa dieders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)