Auto rydt famke (17) oan
De plysje siket de bestjoerder fan in donkerkleurige auto dy't woansdei belutsen wie by in oanriding yn Ljouwert. Op 'e Krommezijl yn 'e wyk Suderbuorren ried de bestjoerder in 17-jierrich famke út Goutum oan. Dat barde om even foar fiven.
It famke rekke by it ûngelok lichtferwûne. De auto riedt hurd fuort. Tsjûgen wurdt frege harren by de plysje te melden.