Cambuur start mei Dordrecht út

© Omrop Fryslân
SC Cambuur begjint de kompetysje op 13 augustus mei in útwedstriid tsjin FC Dordrecht. Dat hat it fuotbalbûn KNVB bekend makke. Dêrnei folgje foar Cambuur twa thúswedstriden, tsjin FC Emmen en AGOVV. It giet om in foarlopich programma, dêr't noch oanpassings oan dien wurde kinne.
Op de earste spylronde stiet fuort in topper op it programma: Go Ahead Eagles tsjin Sparta. De earste grutte wedstriid foar Cambuur is op 12 septimber, ek tsjin Go Ahead Eagles.