Berndsen is wiis mei útslach
Magda Berndsen nûmer trije fan D66 is dik tefreden mei de tsien sitten dy't har partij by de Twadde Keamerferkiezings helle hat. Se hopet dat der in pears-plus-kabinet komt en dat D66 regeare kin.
Sels wol Berndsen, de eardere korpssjef fan plysje Fryslân har ynsette foar de plysje. Dêr mei neffens har net op besunige wurde.