PVV wint ek yn Ljouwert

Krekt as yn hiel Fryslân, wie de PVV woansdei ek de grutte winner yn Ljouwert. De partij krige der rom acht prosint oan stimmen by en kaam út op 13,8 %. It CDA ferlear in lytse 8 % en sakke oant ûnder de 10 %. Winst wie der yn Ljouwert fierder de VVD (3,9%), GrienLinks (2,7%) en D66 (4,7%).
De PvdA ferlear in bytsje, mar bliuwt yn Ljouwert wol mei 30,7% fierwei de grutste partij yn de Fryske haadstêd. De oare grutte ferliezer yn Ljouwert wie de SP. Dizze partij ferlear 8,8%.