CDA-ferlies ek yn Boalsert

10 jun 2010 - 00:34

Yn Boalsert, it wenplak fan CDA-keamerlid Sander de Rouwe, wie it CDA woansdei ek de grutte ferliezer fan de Twadde Keamerferkiezings. It CDA gie yn de Gysbert Japicxstêd fan 34,6 nei 23,7 persint, in ferlies fan 10,9%.

De grutste winner wie ek yn Boalsert de PVV. De partij fan Wilders krige der 7,1 persint by. De PvdA is no de grutste partij fan Boalsert mei 23,8%. De opkomst wie yn Boalsert mei 77,1% 6,7% leger as yn 2006.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)