Twifels oer baangarânsje bank

It is noch mar de fraach hoe wis oft it personiel fan de Friesland Bank echt is fan syn baan. Dat seit Annemarie Ossel fan fakbûn FNV. Moandei waard bekend dat de Friesland Bank binnen twa jier ûnderdiel wurdt fan de Rabobank. Neffens de Rabobank hâldt al it personiel yn alle gefallen de kommende twa jier noch syn baan.
Ossel tinkt dat it yn de praktyk noch dreech wurde sil om echt oan dy baangarânsje fêst te hâlden.
It fakbûn hopet dat de namme Friesland Bank dochs noch bestean bliuwt. Neffens harren soe dat de bêste baangerânsje foar it personiel wêze.