PVV grutter as VVD yn Dokkum

Yn Dongeradiel is de PVV mei 11 persint fan de stimmen grutter as de VVD mei 10.5%. It CDA ferlear yn Dongeradiel 11,6%, mar bliuwt wol fierwei de grutste partij mei 30,5%.
De PvdA skoarde 18,3 %, krekt likefolle as yn 2006, en is dêrmei de twadde partij fan Dongeradiel. Der waarden yn Dongeradiel mei-inoar 14.153 jildige stimmen útbrocht. De opkomst fan Dongeradiel wie 76,2 %. Dat is 7,9 persint minder as by de foarige Twadde Keamerferkiezings.