Grutte klap CDA op eilannen

09 jun 2010 - 22:16

It CDA wie de grutte ferliezer fan de Twadde Keamerferkiezings op Waadeilân Flylân. De kristendemokraten giene fan 19,3 nei 7,5 persint fan de stimmen. De VVD bleau de grutste partij op Flylân mei 29,8 %. Goeie útslaggen wiene der fierder foar GroenLinks (9,5%), D66 (9,4%) en de PVV (7,7%). De PvdA is de twadde partij fan Flylân mei 23,3 persint.

De opkomst op it eilân wie 116 %. Dat kaam omdat frijwat badgasten har stim op it eilân útbrochten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)