Opkomst Midslân 133 persint

Oerol soarget foar in topopkomst op Skylge
Waadeilân Skylge hie om healwei njoggenen al in topopkomst fan 115 persint te pakken. It stimburo Midslân hie doe sels al in rekôropkomst fan 133 persint. It lêste hat grif te krijen mei it Oerolfestival, dat it kommende wykein úteinset.
Foar de opbou fan Oerol binne in soad meiwurkers en frijwilligers nei it eilân kommen en dy stimme foar in grut part yn Midslân. Ek op de eilannen Flylân en Skiermûntseach is woansdei troch in soad 'gasten' stimd.