Polderman stampt stimbus oan

Polderman dwaande mei it oanstampen fan 'e stimbus
Boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel hat woansdei de stimbus yn Burgum ferskate kearen oanstampe moatten mei in houten stôk. Troch de grutte stimbiljetten mei 19 listen mei kandidaten wiene guon stimbussen al yn 'e rin fan 'e middei fol. Troch de stimbussen oan te stampen moast plak makke wurde foar lette stimmers.
Polderman fynt it stimmen mei it reade potlead nei eigen sizzen hopeleas âlderwetsk.