Janse fan Jirnsum stimt wol

09 jun 2010 - 16:15

Sake Janse, âld-foarsitter fan it stimburo yn Jirnsum, hat woansdei dochs syn stim útbrocht. Moandei makke er bekend dat er net langer foarsitter fan it stimburo wêze woe, omdat er prinsipieel tsjin de legitimaasjeplicht is.

Hy fynt dat it it wantrouwen tusken de boarger en de oerheid allinnich mar fersterkt. Toch gie er wol te stimmen, om't er de ferkiezings te wichtich fynt om syn stim ferlern gean te litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)