Kâns op trochstart foar Bylsma

09 jun 2010 - 15:46

Der is in kâns dat meubelfabryk Bylsma út Frjentsjer iepen bliuwt. Der is in serieuze gadingmakker foar de oername fan it bedriuw. Bijlsma hat in skuld fan oardel miljoen euro en de ferkeapen stagnearje fanwege de krisis. By it bedriuw wurkje 44 minsken dy't it minne nijs tiisdei hearden. Der is noch gjin sosjaal plan, mar de fakbûnen binne der wol by belutsen. De meiwurkers wurkje noch troch om de rinnende oarders de doar út te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)