Goran Popov ferlit SC H'fean

Goran Popov giet nei Dynamo Kiev
Goran Popov ferlit SC Hearrenfean. De 25-jierrige linksback hat in mearjierrich kontrakt tekene by Dynamo Kiev yn Oekraïne. De klups hiene al earder oerienstimming berikt. Popov kaam yn de simmer fan 2008 fan it Grykse Levadiakos nei Hearrenfean.
Hy hat yn twa seizoenen 51 duels spile en twa kear skoard. Ferline jier wûn Popov noch mei Hearrenfean de bekerfinale tsjin FC Twente. De Masedoaniër skoarde yn dy finale ien kear foar Hearrenfean.