Oerfal Oentsjerk breed besjoen

09 jun 2010 - 13:54

De plysje sil by it ûndersyk nei de wapene oerfal op in elektroanikawinkel yn Oentsjerk ek sjen nei oare oerfallen dy't der de ôfrûne moannen yn Noard-Nederlân west ha. Mooglik binne de fjouwer oerfallers fan ôfrûne nacht ek belutsen west by oare misdriuwen. De reszjerzje hat woansdei spoare-ûndersyk dien yn Sweins, dêr binne twa auto's stellen.

Fan de fjouwer manlju binne twa oanhâlden. Ien op de ôfslútdyk, de oare yn Medemblik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)