Buro posityf oer 'Up to date'

08 jun 2010 - 21:25

Der is neat ferkeards oan it plan om minsken mei in bystânsútkearing oan in rike partner te helpen. Dat fynt it relaasjeburo dat meiwurket oan it projekt: Mens en Relatie út Oentsjerk. Minsken mei in relaasje binne faak gelokkiger en it kin se oantrune om in baan te sykjen.

Skiermûntseach, Dongeradiel en Dantumadiel wolle besunigje op de bystân. As minsken út de bystân in relaasje ha kin dy yn it ûnderhâld foarsjen en skeelt it de gemeenten jild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)