Gemeenten wolle mear taken

08 jun 2010 - 17:50

De gemeenten wolle mear taken oernimme fan it Ryk en de provinsje. Sy sille dêr by it nije kabinet foar pleitsje. Dat hawwe de gemeentebestjoerders tiisdei ôfspraat op it kongres van de Vereniging van Nederlandse gemeenten.

Neffens de gemeentebestjoerders kinne gemeenten op guon mêden effisjinter wurkje. Ek stean gemeenten tichter by de ynwenners. It giet benammen om taken op it mêd fan soarch, wurk, jeugd en feiligens. Mar ek om gebietsûntwikkeling en wetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)