Pension Willemstate ticht

Sociaal Pension Willemstate oan de Willemskade yn Ljouwert giet ticht. De 16 drugsferslaafden dy't der opfongen waarden ferhúzje nei in âlde skoalle by de Bonifatiustsjerke yn de stêd. Buertbewenners protestearren fjouwer jier ferlyn tsjin de komst fan de opfang oan de Willemskade en dêrom waard ôfpraat dat de opfang nei fjouwer jier slute soe.
It is noch net bekend wat der mei it pân op de Willemskade barre sil.